Sneon 14 febrewaris, Kluchten en Kueren | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard| Musyk nei

  • 14 February 2026 20:00
  • Op, mar net út 'e hichte
  • € 10,00
Sneon 14 febrewaris, Kluchten en Kueren | 'Op, mar net út 'e hichte' Burdaard| Musyk nei

Kluchten en Kueren

Yn 2025 brocht de Burdaarder toanielferiening har lêste stik 'Kâlde Kak en tatoeaazje' op de planken. Yn 2026 is it wer safier. Dan spilet ' Op, mar net út 'e hichte’ : Kluchten en Kueren. Hendrik van der Heide is wer as regisseur. It is syn tredde stik yn suksesje.Tusken 2014 en 2018 swaaide er ek al de skepter oer de Burdaarder ploech. 


Oer it stik
It giet net goed mei it kueroarde fan Fons en Tina. De rekkens wurde of te let of hielendal net betelle en foaral de rekken fan de stroom en it wetter binne dan gefaarlik fansels. Wat is in kueroarde sûnder stroom en wetter? Neat. It personiel is ek al yn staking gongen omdat se de lêste moannen it lean net krigen ha. En no stean Fons en Tina der dus tegearre foar. Dat past harren eins net, want keninklike heechheid prinses Clothilde sil, lykwols ynkognito, in wike meidwaan oan in kuer om te fermeagerjen. Mar stel dat se it de prinses wol nei ’t sin meitsje kinne, dat soe de bêste reklame wêze dy’t se ea hân ha. Mar slagget dat sûnder personiel? Fons en Tina betinke in twillingbroer en twillingsuster dy’t as personiel opdrave moatte. Dit soarget foar de nedige kommoasje by de gasten.