Klún en Knoffelhakke geane kommersjeel
Hjitte Koop en Johny
echte juppen op't toaneel
Earrekrûper Dikke Wille
ha wy no
Wurdt in grut spektakel
en in kommersjele sjo
Boppesteande rigels sjonge Klún & Knoffelhakke yn it iepeningsnûmer fan harren programma ‘Kommersjeel 2.0’. It duo, no op de planken as Koop Krûper en Johny Ear, hat in koffer fol jild. Koop en Johny witte der wol rie mei, jild moat rôlje, dat de twa mannen sette útein mei in hiel nij projekt, passend yn dizze tiid. Se begjinne in nije kommersjele omrop: Earrekrûper Dikke Wille bv. as koartsein: K&K.
Mar it docht bliken dat it net sûnder tûkelteammen giet. It falt net ta, in kommersjele stjoerder yn’e loft te hâlden. Koop en Johny besykje der alles oan te dwaan om de kyksifers omheech te krijen. Drama, reality, medysk, foar de lytsen en net te ferjitten in spultsjeprogramma. Mar dan is it kofferke leech… betsjut dat it ein fan dit ambisjeuze projekt?
Hoe’t it krekt ôfrint mei K&K kinne wy fansels net sizze, dat moatte de taskôgers sels mar meimeitsje by ‘Kommersjeel 2.0’ fan it Hantumer teaterduo Klún & Knoffelhakke.
Aanvang
20.00 uur
Theaterzaal
open om 19.45 uur
Pin
aanwezig
Tickets
voorverkoop € 12,50 en aan de kassa € 17,50