Gerrit Haaksma en Melle Pieter Prins komme mei in machtich nij komysk stik!
Op freed 18 oktober kinne jimme op besite by De Bruorren Pot by ús yn it doarpshus te Hijum
It begjint om 20:00 oere en de doar is iepen fanôf 19:30 oere
Hjir in lytse yndruk oer it libben fan de Bruorren Pot:
Twa bruorren dy’t nei it ferstjerren fan harren mem tegearre libje.
Dat hja bysûnder binne is fan ôf it earste opkommen wol dúdlik. Harren libben ferrint faak hilarysk, dit is in stik om lekker te laitsjen. Dat wurdt wol wer ris tiid yn dizze roerige tiden.
‘Op besite by de bruorren Pot’ is skreaun troch Gerrit Haaksma en wurdt spile troch Melle Pieter Prins en Gerrit Haaksma.
De technyk is yn hannen fan Wouter van der Wal.