Klún en Knoffelhakke

  • 6 April 2024 14:00
  • Theater de Colle
  • € 7,50
Klún en Knoffelhakke


Dit kin net mear!:


Tsjonge, wat is der wat feroare yn de ôfrûne 25 jier. Fansels, wy binne wat kealer, grauwer en
âlder wurden, mar dêr ha wy it yn ús foarige programma al oer hân...
Wy bedoele eins typkes en útspraken dy’t jo oan ‘e oarder bringe kinne op it toaniel. Roke
bygelyks, dat kin net mear en alhiel net op it poadium. En kinne wy alles noch wol sizze en
spylje? Wy libje yn in cancel-kultuear. Wat is it Fryske wurd eins? Ofsizze? Ofsiskultuer?
Hawar, wy sille der yn programma 9 achter besykje te kommen. Gean mar mei ús mei en
gean der mar is even foar siQen. En miskien heare wy dan nei ôfrin fan jimme, tsja mannen:
Dit kin net mear...
(De trochstreekte wurden dy kinnen net mear, dy lizze te gefoelich..)


It duo Klún en Knoffelhakke beslet út de spilers Hendrik van der Heide út Hantum en Broer Douma út Dokkum. Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich! De programma's fan Klún en Knoffelhakke liQe harren it bêste omskriuwe as typkeskabaret, wêryn it publyk ek net fergeQen wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen. It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje!