De Hûnekop - Stjer

  • 12 February 2022 19:30
  • 12+
  • It Spektrum
  • € 10,00
De Hûnekop - Stjer

De mannen fan De Hûnekop komme mei in eigen film, Stjer is de titel. De film giet oer in searjemoardner dy’t it foarsjoen hat op bekende Fryske artysten. Der dogge in protte Fryske artysten en promininten yn de film mei, fan Iris Kroes oant Boer Frans, fan Anneke Douma oant Johannes Rypma. 


Stjer is in bjusterbaarlike miks fan Flodder, Naked gun en Bassie & Adriaan. Emiel Stoffers fan De Hûnekop neamt it in film fan Friezen troch Friezen. ‘De minsken binne wol ta oan wat humor en aksje yn dizze tiden.’ Net subtyl, mar wol hiel grappich en dat yn ús eigen Bios Burdaard.